Messeferbod ûnder druk

It Gerjochtshôf yn Ljouwert (foto: Omrop Fryslân)
It messeferbod yn de Ljouwerter binnenstêd stiet ûnder druk. Yn heger berop is freed sein dat it ferbod fan de gemeente fierste fier giet. Dat wie nei oanlieding fan in saak út 2007 dêr't in bûsmes by yn beslach naam is yn it gerjochtsgebou. Dat wie lykwols gjin ferbean wapen en de eigner heart ek net ta de minsken dy't de gemeente oanpakke wol mei it messeferbod.
It iepenbier ministearje hâldt fol dat der neat mis is mei it ferbod. Op 13 augustus docht it gerjochtshôf útspraak.