Mishanneling Goutum oplost

De foto fan www.dadergezocht.nl
De trije fertochten fan 'e mishanneling op 25 juny yn de MacDonalds yn Goutum hawwe harren melden by de plysje. It binne in man út Hoogeveen (18), ien út Zuidwolde (18) en in man út Emmen (20).
De plysje pleatste ferline wike foto's fan in bewakingskamera op de webside Dadergezocht. Twa dagen ferlyn pakte de webside GeenStijl.nl it ferhaal op. Dê kamen hûnderten reaksjes op. De nammen fan 'e fertochten waarden ek neamd.