Slachtoffer is âld-riedslid

De man dy't om it libben kaam is op it sirkwy fan Zandvoort is de 51-jierrige Henk Schoorstra. Hy is in bekend persoan yn Tytsjerksteradiel. Fan 1998 oant maart 2010 wie er riedslid foar de FNP. Sûnt de gemeenteriedferkiezings fan dit jier wie er stipelid fan de fraksje. It nijs is hurd oankommen yn it doarp.
Schoorstra wie foar in experience day yn Zandvoort. De auto dêr't er yn ried, is troch noch ûnbekende oarsaak yn 'e brân flein.