Trochstart foar Trije Doarpen

30 jul 2010 - 11:56

Doarpshûs De Trije Doarpen yn Kollumersweach makket in trochstart neidat it foarige bestjoer opstapt is. Der is in nij bestjoer, frijwilligers en in koördinator. Pleatslik Belang Kollumersweach/Feankleaster hat alle war dien om dat foarinoar te krijen.

De folgjende stap is dat it gebou opknapt wurde moat. Yn opdracht fan 'e gemeente Kollumerlân is in rapport makke. De gemeente hat witte litten dat de ferbouwing folle djoerder útpakt as ferwachte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)