Fan Underen Op skriuwt Beatrix

Fan Underen Op hâlde earder ek al in aksje yn Den Haag
De feriening Fan Underen Op hat Keninginne Beatrix in brief stjoerd. Deryn besykje se har te bewegen net akkoart te gean mei de gemeentlike weryndieling yn 'e Súdwesthoeke.
Yn 'e regio gean in tal gemeenten op yn ien fúzjegemeente. Dat beslút is naam wylst in grut part fan de ynwenners tsjin de weryndieling is, seit de aksjegroep. Yn it brief oan de Keninginne sprekt de groep fan in tunnelfyzje by de politisy dy't it beslút naam hawwe.