Arrestaasjes yn Langwar

30 jul 2010 - 10:39
  • De haven van Langwar (foto: Omrop Fryslân)

By Langwar binne tongersdei ferskate minsken oanhâlden. Yn it doarp wie it drok fanwege it skûtsjesilen. In Dútske jonge (15) krige in boete om't er in speedboat bestjoerde, mar gjin deademanskoard om hie.

Yn 'e haven waarden twa opfarrenden fan in boat arrestearre. De iene, in man (32) fan It Hearrenfean, skold plysjes út. De oare, in man fan 26 út Stienwyk, soe samar in man (19) fan De Jouwer slein hawwe. Beide manlju sitte noch fêst op it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)