Frjentsjerter slacht frou

In 41-jierrige man út Frjentsjer sit fêst neidat er in frou mishannele hat. Beiden hiene rûzje yn in hûs oan de Professor Huberstrjitte. De 33-jierrige frou waard slein, treaun en ferskate kearen op 'e grûn goaid. Tsjûgen seagen dat de 41-jierrige man dat die.
De plysje hâlde de man yn syn eigen hûs oan. Hy wie obsternaat en woe net om lyk. Plysjes hawwe him nei it brûken fan pepperspray meinaam nei it buro.