Wetterboartersplak fersmoarge

29 jul 2010 - 17:25

Yn it wetterboartersplak De Potmarge by Ljouwert mei it hiele wykein net swommen wurde. It swimplak is sûnt de iepening yn 2004 al faak sletten. Wetterskip Fryslân hat dizze kear de enterokokke-baktearje oantroffen yn it wetter. Dêr kinne minsken pineholle, koarts, earûntstekkings of maach- en darmklachten fan krije. Wa't klachten krijt, wurdt advisearre kontakt op te nimmen mei de húsdokter.

De gemeente hat in warskôgingsboerd by it swimplak delset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)