De Jouwer wint SKS by Langwar

29 jul 2010 - 16:23

It Jouster skûtsje mei skipper Dirk Jan Reijenga wûn tongersdei de SKS-wedstriid by Langwar. Twadde waard it skûtsje fan Boalsert, dat earst op kop lei. Tred waard It Hearrenfean. Langwar waard op eigen wetter lêste. De Jouwer waard woansdei noch twadde en Boalsert earste.

It wie in spannende wedstriid op de Langwarder Wielen mei in soad wynpûsten. De Jouwer en It Hearrenfean stean op in dield earste plak yn it klassemint.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)