Nije bewaker op it wetter

29 jul 2010 - 15:37

De Fryske wetters om Earnewâld hinne wurde yn de gaten hâlden troch in nije partikuliere patrûljetsjinst. Willem de Haan hat dy bewakingstsjinst opset. Hy helpt sa de plysje om kriminaliteit op it wetter foar te kommen of te bestriden.

De plysje hat net genôch minsken om kontinu op it wetter te wêzen. De nije wetterpatrûlje wurdt ynhierd by eveneminten lykas de Snitswike. Mar minsken dy't in húske oan it wetter hawwe, kinne ek belje foar bewaking.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)