YfC Ljouwert hâldt op

29 jul 2010 - 15:02

Youth for Christ Ljouwert hâldt op te bestean. Der is gjin jild mear om in jongereinwurker oan it wurk te hâlden. Meiwurkers en frijwilligers fan 'e klup hawwe 43 jier lang aktiviteiten organisearre foar jongeren.

De lêste jierren waard it hurd minder mei de ynkomsten. Dêrom gie it kafee fan de jeugdklup ferline jier ek al ticht. Kristlike skoallemienskip Comenius betelle altyd mei oan 'e jongereinwurker, mar dêr is no gjin jild mear foar troch besunigings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)