Twa nije spilers foar Aris

© Omrop Fryslân
Basketbalclub De Friesland Aris hat twa nije spilers oanlutsen. It giet om de Amerikanen Calvin Chitwood en Todd Brown. Chitwood is 2.01 meter en komt oer fan de California State University Northridge. Brown is 1.96 en spile by de Wright State University. Hy wurdt sjoen as de opfolger fan Craig Moore.
Oan de oare kant ferlit Jayme Miller de club. Hy krige wol in oanbieding fan Aris, mar hat oanjûn in nije útdaging te sykjen. Aris sil ynkoarten noch twa spilers presintearje.