Goederenbank wol yn tsjerke

Foto: Omrop Fryslân
De Ljouwerter Goederenbank wol graach fierder yn 'e Adelaarstsjerke yn 'e wyk Bilgaard. Der is ek al tydlik plak fûn yn in gymsaal dy't no noch foar opslach brûkt wurdt. De winkel foar twaddehâns guod baarnde op 20 july folslein út. De winkel is ek moetingsplak foar de wyk. De tsjerke komt leech te stean nei in fúzje.
De Goederenbank krijt rûnom wei help oanbean. De frijwilligers hoopje oer in wike mei de tydlike winkel út ein sette te kinnen.