Himp ûndutsen nei ynbraak

De plysje hat woansdeitejûn yn in wenning oan De Anjen yn Ljouwert in himpkwekerij ûntdutsen nei in ynbraak. In omwenner seach dat de doar iepenstie, wylst er wist dat de bewenner op fakânsje wie.
De plysje fûn de kwekerij yn 'e sliepkeamers. Yn ien fan 'e keamers stiene 181 ôfknipte planten, yn in oare 337 stekjes. De stroom waard yllegaal ôftape. De plysje docht ûndersyk nei de saak.