Keatsbûn behâldt haadsponsor

29 jul 2010 - 09:05

De Friesland Bank is ek de kommende trije jier haadsponsor fan it keatsbûn KNKB. It nije kontrakt rint troch oant en mei 2013. Beide partijen binne tige wiis mei de nije oerienkomst.

Neffens foarsitter Theunis Piersma fan it KNKB heare de Friesland Bank en it keatsen by elkoar. 'It is moai dat ik it bûn mei in nij haadsponsorkontrakt oerdrage kin oan myn opfolger', sa lit Piersma witte. 'Wy bliuwe sa ferbûn mei Fryslân en de Friezen', is de gedachte fan Anne Vlaskamp fan de bank.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)