Rekôr ballonfeesten De Jouwer

28 jul 2010 - 22:26

By de Friese Ballonfeesten op De Jouwer is in rekôrtal ballonnen de loft yngien. Mei 126 ballonnen hat it evenemint no it rekôr fan Nederlân yn hannen. Lang net alle teams koene fan it feestterrein op de Nutsbaan ôfsette. De organisaasje hie dêrom om De Jouwer hinne lokaasjes ynrjochte.

Tûzenen minsken kamen op it brekken fan it rekôr ôf. Dat liede oan it begjin fan de jûn ta files. In soad minsken setten de auto oan de kant fan de dyk om sa it spektakel te besjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)