Goed jier foar sûkerbiten

© Omrop Fryslân
De droechte fan de ôfrûne moannen hat net fuortendaliks gefolgen foar de Fryske lânbousektor. De sûkerbiten dogge it goed en it liket derop dat der likefolle sûker ynsit as ferline jier. En dat wie in poerbêst jier.
De opbringst fan de setjirpels liket wat ôf te fallen. Omdat der net genôch reinwetter fallen is, groeie de poaters net goed troch. De prizen lykje knap. Dat komt troch hegere opbringsten yn de lannen dêr't de jirpels hinne eksportearre wurde.