Hurde knal wie fan F16

© Omrop Fryslân
De hurde knal dy't woansdei oan de ein fan de moarn yn in grut part fan Fryslân te hearren wie, wie yndie fan in F16. Dat hat de fleanbasis Ljouwert bekend makke. De F16 gie by in oefening boppe de Noardsee troch de lûdsbarriêre.
Nei alle gedachten troch de wyn en de meteorologyske omstannichheden wie de knal hjir sa goed te hearren. Ek trillen hjir en dêr gebouwen.