Offal op parkearplak Nijetrine

28 jul 2010 - 16:22

Steatsboskbehear ropt minsken op om op te hâlden mei it stoarten fan koelkasten, matrassen, autobannen en oar ôffal op in parkearplak foar handikapte fiskers. Sluting fan it parkearplak by Nijetrine is oars in serieuze opsje. It probleem stiet net op himsels. Fral op parkearplakken dy't wat fierder fan 'e dyk lizze, giet it geregeld mis.

Yn guon gefallen helpt it fuortheljen fan in ôffalamer om de oerlêst tsjin te gean, mar yn Nijelamer is dat net sa.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)