Bank ticht om agressive klant

28 jul 2010 - 14:53

It kantoar fan 'e ABN Amro bank oan de Willemskade yn Ljouwert hat woansdei in pear oeren ticht west fanwege in agressive klant. De man kaam der yn en smiet in kompjûter fan in buro. Dêrnei naaide hy út.

De plysje wit wa't de dieder is en sil him meikoarten oanhâlde. Omdat de meiwurkers tige kjel wurden wiene, wie it bankkantoar in pear oeren ticht foar it publyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)