Winkel Starum opnij opbouwe

28 jul 2010 - 14:25
  • De trein gie sneintejûn dwers troch de wettersportwinkel

De wettersportwinkel dy't sneintejûn yn Starum troch in trein trochboarre waard, moat op itselde plak weromkomme. Dat sizze de eigners. Fan it gebou is neat mear oer, sa blykt no't de trein fuorthelle is.

Woansdeitemiddei wie pas echt goed te sjen hoe grut de skea is dy't de trein oanrjochte hat. It gebou is midstwa spjalte. Ferhúzje is foar de eigners gjin opsje. De gemeente en ProRail hawwe tiisdei al in petear hân mei eigner De Groot oer hoe no fierder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)