GGD warskôget foar de bof

Jonge bofpasjint (foto: GGD)
Jongeren tusken de 18 en 25 jier rinne in grutte kâns de bof te krijen. Dat is in ynfeksje oan de luchtwegen. Sûnt 1987 wurde bern der tsjin yninte mar no docht bliken dat dy inting net lang genôch wurket. Benammen yn 'e klassike studintestêden lykas Grins binne der útbraken fan it firus.
Peter van der Tas fan GGD-Fryslân tinkt dat ek yn Fryslân gefallen komme sille. De sykte is op himsels net gefaarlik mar it is al ferstannich kontakt op te nimmen mei de húsdokter.