Eksploazje yn boat Appelskea

28 jul 2010 - 09:46

Yn Appelskea hat tiisdeitenacht in ûntploffing west yn in boat dy't yn de feart lei. Nei alle gedachten is in gasflesse yn de masineromte fan 'e boat ûntploft. In echtpear út Laag-Zuthem, dat yn de boat siet, kaam mei de skrik frij. Troch de knal is skea ûntstien oan de boat mar ek oan wenningen oan wjerskanten fan it wetter. Ruten binne stikken gien en ek is der skea oan muorren.

Ek in tal auto's rekke skansearre. De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)