Heech: 4 fandalen oanhâlden

28 jul 2010 - 09:42

Yn Heech hat de plysje tiisdeitenacht fjouwer Ljouwerters oanhâlden. De manlju fan tusken de 18 en 20 jier wurde der fan fertocht op de Pharshoeke in tal auto's fernield te hawwen. Tsûgen hiene de manlju dwaande sjoen en de plysje belle.

Ien fan de tsjûgen gie sels achter de Ljouwerters oan en hold se oan. Doe't de plysje der wie waarden se nei it buro brocht en heard. De eigners fan de skansearre auto's hawwe oanjefte dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)