Hurdfytser Bissels krijt priis

28 jul 2010 - 08:12

Hurdfytser Rudi Bissels (42) fan Drachten is winner fan de Gonnie Brouwer Wurdearringspriis 2010. In sjuery hat seis foardrachten fan Fryske hurdfytsferienings besjoen en Bissels útroppen ta winner fan dit jier.

De Drachtster is neffens de sjueryleden in entûsjast sportman dy't al jierren hege prestaasjes hellet. Bissels is lid fan hurdfytsferiening Woonexpo Kapenga.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)