Aksje Wielepôle stopsetten

De bewenners fan de Wielepôle yn Ljouwert hawwe harren kreakaksje fan trije wenningen yn de wyk stopsetten. Se hiene de wenningen kreake om't se net te sprekken wiene oer tal fan saken.
Ien fan dy saken is de wize werop de hûstawizings troch wenningkorporaasje Elkien plakfine. Direkteur Gosé Posthumus fan Elkien hat mei de bewenners praat en útlein hoe't de tawizings wurkje. Oer tal fan oare saken binne ôfspraken makke.