Treinen Speno net wolkom

27 jul 2010 - 19:24

Treinen fan it Italiaanske bedriuw Speno meie foarearst net mear troch Nederlân ride. Dat hat de Ynspeksje Ferkear en Wettersteat besletten. Sneintejûn let knalde in ûnderhâldstrein fan Speno troch in stjitblok by it stasjon fan Starum en rjochte in ravaazje oan. Neffens de ynspeksje meie treinen fan it bedriuw net earder wer yn Nederlân ride as de feiligens garandearre is.

Treinen fan Speno hawwe yn Nederlân faker belutsen west by ûngelokken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)