Starum: ûndersyk grûnwetter

27 jul 2010 - 15:35

De gemeente Nijefurd sil it grûnwetter by it stasjon fan Starum ûndersykje op gefaarlike stoffen as de ravaazje oan kant is. Mooglik is disel fuortlekt. In ûnderhâldstrein skeat dit wykein rjochtút op it kopstasjon Starum en treau in lege diseltankauto dwerstroch in winkel hinne.

It ferkear yn Starum wurdt omlaat fanwege de grutte tastream fan minsken op it plak fan it ûngelok. As freed it skûtsjesilen yn Starum is, moat alles wer klear wêze yn it stasjonsgebiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)