Pylgergids Noardeast-Fryslân

De tsjerke fan Jouswier (foto: Omrop Fryslân)
De stichting Oan 'e dyk yn Peazens-Moddergat komt mei in fergese pylgergids foar Noardeast-Fryslân. Dêr stean alle midsieuske tsjerken yn it gebiet yn en ynformaasje oer plakken en aktiviteiten foar minsken dy't de stilte sykje. Fierders wurdt ferwiisd nei kuier- en fytsrûtes. De pylgergids ferskynt yn in oplaach fan 10.000 eksimplaren. De gids is mooglik makke troch in bydrage fan de provinsje dy't besinningstoerisme stimulearje wol.