Oppakt om bedriging en lawaai

In Hearrenfeanster (51) is moandei oanhâlden foar bedriging. De man raasde hieltyd en hie de muzyk thús hiel lûd oan te stean. Buertbewenners hiene dêroer klage by de plysje. De man hie sein dat er it rêstich oan dwaan soe, mar jûns kaam der wer in melding fan lûdsoerlêst. De Feanster hie boppedat in buertbewenner bedrige.
De plysje hat de man doe meinaam nei it buro. Boppedat is syn muzykynstallaasje yn beslach naam.