Man falt fan dak yn Harns

27 jul 2010 - 10:27

In ynwenner fan Harns is moandei ferwûne rekke, doe't er yn syn wenplak fan it dak fan in hûs foel. De 45-jierrige man wie op it dak oan it wurk doe't er útglied en seis meter nei ûnderen foel.

De man is mei de traumahelikopter nei it sikehûs yn Grins brocht. Fanwege de helpferliening hat de Kanaalwei foar in part in skoft ôfsletten west. Hoe slim oft de man deroan ta is, is net bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)