Wurk yn Starum duorret 4 dagen

27 jul 2010 - 07:02
  • De ravaazje yn Starum

Der is yn de nacht fan moandei op tiisdei hurd wurke om de ravaazje fan it treinûngelok yn Starum op te rêden. Dêr binne grutte kranen foar nedich, dy't op pontons komme te stean. In pearhûndert ynwenners fan Starum stiene nei dat wurk te sjen.

Sneintejûn let knalde in ûnderhâldstrein troch in stjitblok, ramde in tankauto en sleepte dy tankauto dwers troch in wettersportsaak hinne. De ferwachting is dat it wurk tongersdei klear is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)