Schleck en Gesink nei It Fean

26 jul 2010 - 18:19

Andy Schleck en Robert Gesink binne de grutte publykslûkers fan de 29e profronde fan Surhústerfean op tiisdei 3 augustus. De hurdfytsers einigen op plak twa en seis yn 'e Tour de France. Fan alle dielnimmers ha der alve yn Frankryk de Tour riden.

De Fryske profs Lieuwe Westra en Wim Stroetinga binne ek fan de partij yn it hurdfytsdoarp fan Fryslân. Pieter Weening docht dit jier nei mei. Hy begjint op 4 augustus yn Spanje oan de Ronde fan Burgos.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)