Willem Barentsz: jild socht

26 jul 2010 - 16:43

Foarsitter De Weerdt en siktaris Westra fan stifting Expeditieschip Willem Barentsz ha der betrouwen yn dat de werbou fan it skip fan de Skylger poalsiler mei troch Russyske bedriuwen betelle wurdt. Dêr wurdt op dit stuit hurd oan wurke, wylst it skip sels noch boud wurde moat.

De bou set yn oktober útein yn Harns mei frijwilligers. Al moatte dy frijwilligers noch wol socht wurde en moat der ek noch in slompe jild by om de twa miljoen euro byinoar te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)