SKS winst foar It Hearrenfean

26 jul 2010 - 16:15
  • It wedstriidwetter op 'e Feanhoop

Skipper Pieter Brouwer hat moandei mei syn skûtsje de deioerwinning behelle op it wetter fan De Feanhoop. Hy wie as achtste starten, maar wist as earste oer de einstreek te kommen. Earnewâld, dy't de hiele wedstriid op kop lei, kaam as twadde oan, mar krige in protest fan Wâldsein. Drachten waard dêrtroch twad, Wâldsein tred.

It waaide net hurd, dus waard de wedstriid rêstich fersyld. Dochs wiene der tidens de wedstriid in soad protestsitewaasjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)