Twa famkes fuort en wer fûn

© Omrop Fryslân
De plysje wie moandei op syk nei twa famkes dy't moandeitemoarn fuortrûn wiene fanút de Master Rommesstrjitte yn Snits. It gie om in famke fan tolve jier yn meast pearse klean en ien fan fjirtjin, dy't benammen yn it griis klaaid is.
De plysje die in oprop dien om nei de famkes út te sjen. Dat holp, want in pear oeren letter kaam it berjocht dat de famkes fûn wiene. Wêr't se krekt fûn binne is net bekend makke.