NNJO-konsert Starum ferpleatst

26 jul 2010 - 15:05

Noardnederlânsk Jeugd Orkest NNJO moat moandei foar har konsert yn Starum útwike nei in oare plak. Sy soene optrede op it plein by de VVV, mar dêr is snein de ûnderhâldstrein bedarre, dy't op it stasjon troch it stjitblok riden wie. It orkest hearde it nijs fan de skipper fan 'e klipper dêr't se mei op toernee binne.

Yn oerlis mei de havenmaster fan Starum sil it konsert no jûn wurde op it eilantsje yn de jachthaven fan Starum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)