Wolkomsbuorden Snits digitaal

Boargemaster Apotheker by it digitale wolkomsboerd yn de Houkesleat
Oan de ynfalwetters fan Snits wurde seis digitale wolkomsbuorden pleatst. Se ferfange de âlde houtene buorden dy't nedich oan ferfanging ta wiene.
De earste is moandei yn gebrûk nommen oan de Houkesleat. Op de buorden komt ynformaasje te stean oer eveneminten en aktiviteiten yn de stêd. De buorden binne ek geskikt om bygelyks ferkearsynformaasje op te setten. Sneek Promotion sil der foar soargje dat de ynformaasje op de buorden aktueel bliuwt.