Hantekenaksje Goederenbank

De frijwilligers wolle graach in nije start meitsje
De frijwilligers fan 'e Goederenbank yn Ljouwert begjinne tongersdei mei in aksje foar in nije start. Ferline wike gie de Goederenbank yn de Ljouwerter wyk Bilgaard troch brân ferlern.
De frijwilligers fine it spitich dat se harren baan kwyt binne en wolle de eigner graach helpe om in nije start te meitsjen. De frijwilligers starte mei in hantekenaksje en sille ek lege staasjejildflessen ynsammelje om sa in bijdrage te leverjen oan in trochstart fan 'e Goederenbank.