Misbrûkûndersyk: noch 2 wike

It misbrûk soe plakfûn hawwe op dizze kampearbuorkerij yn Bueren
De Dútske plysje tinkt noch op syn minst twa wiken nedich te hawwen foar it ûndersyk nei seksueel misbrûk by in fakânsjekamp op It Amelân. Dat is omdat jongeren en begelieders dy't noch heard wurde moatte op fakânsje binne. It giet by de jongeren sawol om slachtoffers as om jongeren dy't fertocht wurde fan it misbrûk.
It seksueel misbrûk soe west hawwe tusken heal juny en heal july by in fakânsjekamp yn in kampearbuorkerij op It Amelân.