Dôfhûdige drankrider oanhâlden
In 39-jierrige Ljouwerter is sneintenacht yn Sweagerbosk oanhâlden foar it riden sûnder rydbewiis en mei drank op. De man wie syn rydbewiis kwytrekke foar it riden mei drank op, mar wie dochs wer achter it stjoer stapt.
Hy is meinommen nei it buro foar in blaastest, dy't dúdlik makke dat er wer tefolle dronken hie. Hy hat op 'e nij in bekeuring krigen.