Hurdrider sûnder papieren pakt

26 jul 2010 - 09:56

De plysje hat sneintemiddei yn Ljouwert in 25-jierrige man út Hilversum oanhâlden foar in snelheidsoertreding op de Wilaarderbuorren. Hy ried dêr 120, wylst de maksimumsnelheid dêr 50 is.

De man koe gjin rydbewiis sjen litte en hie ek gjin identiteitspapieren by him. Op it plysjeburo hat hy foar beide saken in bekeuring krigen. Dêr die bliken dat de APK-keuring fan syn auto ek ferrûn wie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)