Plysje hâldt drugsdealers oan

De plysje hat freed nei oanlieding fan in tal klachten oer drugsoerlêst in ynfal dien yn in hûs oan it Europaplein. By it hûs waarden seis minsken oanhâlden dy't krekt nei bûten kamen, sy hiene allegear harddrugs by har, dy't se yn dat hûs kocht hiene.
De plysje is dêrnei it hûs yn gien en hat de bewenner (41) en trije besikers oanhâlden. Yn it hûs waarden drugs en jild fûn. Dat is yn beslach nommen. De fertochten binne meinommen nei it buro foar fierder ferhoar.