Needlâning fleantúchje

25 jul 2010 - 16:55

By De Pein is sneintemiddei in ultra light-fleantúchje by in needlâning oer de kop flein. De piloat út Feanwâlden rekke dêrby net ferwûne. Hy moast in needlâning meitsje omdat boppe De Leijen de motor fan it fleantúch útfoel.

Yn in stik lân oan de Nijtap by De Pein koe er lâne. Omdat de piloat neat hie, hoegden de helptsjinsten net yn aksje te kommen. De loftfeartynspeksje docht ûndersyk nei it ûngelok.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)