SP: Undersyk JSF net nedich

Nederlân moat gjin sint mear yn de JSF stekke, fynt de SP
De Twadde Keamerfraksje fan de SP wol fan de minister fan definsje witte oft dy ree is om in ûndersyk nei lûdsoerlêst fan de Joint Strike Fighter te annulearjen. De fraksje stelt der fragen oer oan de minister.
De JSF is de mooglike opfolger fan de F16, mar der binne noch twivels oer it leven dat it fleantúch makket. Ferskate ûndersiken sprekke mekoar op dat punt tsjin. Neffens de SP is ôfpraat gjin jild mear yn de JSF te stekken en is ûndersyk dus net nedich.