Frou ferwûne by eksploazje

25 jul 2010 - 09:58

By in eksploazje yn in hûs oan de Jakkele Weidemastrjitte yn Sint Anne is yn de nacht fan sneon op snein in frou ferwûne rekke. De foargevel fan it hûs is foar in part fuortslein.

De bewenster krige reek binnen en is nei it sikehûs brocht. Sy koe letter nei famylje ta. Wat de oarsaak fan de eksploazje wie, is net bekend. De technyske resjerzje docht dêr noch ûndersyk nei. Snein hat de plysje in fertochte oanhâlden. It giet om in ynwenner (61) fan Sint Anne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)