Hynstewein te wetter by Winsum

De brânwacht holp it hynder wer út de sleat (foto: Jaring Rispens, stjoerder.nl)
By Winsum is sneontemiddei in man ferwûne rekke, doe't de hynstewein dêr't de man op siet mei hynder en al yn 'e sleat rekke. By it ûngelok bedarre it hynder op de man. De man koe troch omstanners befrijd wurde. In twadde man, dy't ek op de wein siet, koe sels út de sleat komme.
It hynder wie op 'e rin slein neidat it skrok fan plestik yn 'e berm, dat leven makke. It foarbygonger skeakele fuortendaliks de helptsjinsten yn. Dy holpen it hynder wer út de sleat.