200e oerwinning Afke Hijlkema

24 jul 2010 - 17:53

Afke Hijlkema waard sneon keninginne by de frije formaasjepartij yn Seisbierrum. It wie de 200ste oerwinning yn har keatskarriêre, in unike prestaasje. Hijlkema wûn mei Maaike Wind en Gérieke de Groot.

De preemje gie nei Afke Kuipers, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra. De lytse preemje gie nei Joukje Kuperus, Renske Terwisscha van Scheltinga en Margriet Bakker.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)