Frjentsjer: 7 auto's fernield

24 jul 2010 - 14:56

De plysje docht ûndersyk nei de fernieling fan sân auto's oan de Ypeijsingel yn Frjentsjer. Dat barde yn de nacht fan freed op sneon tsjin healwei trijen. Neffens de plysje giet it nei alle gedachten om in groep fan fiif minsken dy't autospegels en rutewiskers fernielden.

De plysje siket noch nei tsjûgen fan de fernielings. Dy kinne har melde op tillefoannûmer 0900-8844. Tips trochjaan op Meld Misdaad Anoniem kin ek.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)