Plantedokter mei droechteadvys

Plantedokter Andries Pol dwaande mei it jaan fan advys
Fryske tunen hawwe bot te lijen hân fan de droechte fan de ôfrûne wiken. Dat seit plantedokter Andries Pol. Oer it generaal kin de natoer goed omgean mei grutte ferskillen yn temperatuer, mar benammen it gers hat te lijen hân fan de waarmte.
De Drintske plantedokter is ekspert op it mêd fan plantesyktes. Hy is sneon yn Sumar om Friezen advys te jaan oer hoe't se mei harren grien omgean moatte. Fan dy mooglikheid waard drok gebrûk makke.